• Locatie :

    Yn 'e Mande Tytsjerk
  • Tijd :

    15.00 uur
  • Prijs :

    10,00

15 Novimber 2015 “Noflike Yn ‘e Mandemiddei” yn Tytsjerk.

Foar minsken dy’t fan kultuer, in wyntsje en gesellichheid hâlde.

Dat sil wêze op sneintemiddei 15 novimber , it set út ein om 15.00 oere.

Wêr: yn it doarpshûs ‘Yn ‘e Mande’, Noarderein 1 , yn Tytsjerk.

Tiid: It begjint om 15:00 oere

1.       Sterke Froulju mei Memmesiel

Diskear komt de thúsploech Sterke Froulju wer, mei Memmesiel”. Lyk as altyd: tige werkenber theater mei “Memmesiel”

Fjouwer froulju yn de finzenis. Misdiedigers binne it. Lang straft. Se sitte der net foar wat kattekwea. Misdiedigers binne mear dan allinnich mar it gruwelike delikt dat se pleegt ha. Oer dat delikt ha se it ek net. It is mear de memmesiel dy’t harren by de strot hat en e kit publyk yn de tang hâlde sil. Der binne oangrypende sênes by. Memmen yn de finzenis. De memmen dy’t se sear dien ha. De memmen dy’t se mist ha yn harren libben of de memmen dy’t altiid klear stien ha. Oer skuld en skamte nei alle memmen dy fertriet ha om harren dochters.

Anja Steegstra hat de tekst skreaun en Hans van Buuren hat regisseard. De foarstelling fan 16 oktober 2015 Yn “De Einekoer” fan Ryptsjerk is al útferkocht (105 minsken komme dêr).

De spylsters: Anja Epema, Jeltje Joustra, Ineke Kalteren en Wytske Kooistra

Mear ynformaasje oer de Sterke Froulju of oer de produksje Memmesiel? Sjoch ek op de webside:www.sterkefroulju.nl

Voor de mensen die niet gewend zijn om Fries te lezen:

We starten met een bijzonder Frysk theaterstuk ‘’Memmesiel” waarbij niet alleen de harde sfeer in het gevangeniswezen wordt gevoeld. Het gaat over veel meer. Het gaat over onderstromen als schaamte, schuld, verdriet, angst en pijn, maar er is ook humor en plezier. Gluren in de “zieleroerselen” van deze opgesloten vrouwen….”

Der sille ek televyzjeopnames makke wurde troch omrop Fryslân. De sneinske klean mar oan J.

2.       Theo Driessen en Theo Jansen

Nei it skoft is der moaie lústermuzyk fan sjonger Theo Driessen en pianist Theo Jansen (Sy spylje yn de band Diep Triest). Se komme mei in repertoire fan lieten út de jierren 60/70. Lieten fan Frans Halsema, Ramses Shaffey, Herman van Veen, Wim Sonneveld…en net te ferjitten de lieten fan Ede Staal.

Mear ynformaasje oer de Theo Driessen, Theo jansen of Diep Triest Sjoch ek op de webside:http://www.dieptriest.nl/

Voor de mensen die niet gewend zijn om Fries te lezen:

Na de pauze is er een optreden door Theo Driessen en Theo Jansen. Met een Nederlandstalig repertoire van liedjes uit de jaren 60/70. Van onder anderen Frans Halsema, Ramses Shaffey, Herman van Veen en Wim Sonneveld. Ook de liederen van de Groninger Ede Staal hebben een ruime plek in het programma.

Reservearje?

Der binne noch in oantal kaarten te krijen.

Reservearje: e-mail inekal@chello.nl of telefoan 0511-431897 of 0619876661

De culturele en activiteitencommissie van Tytsjerk

Anneke Bakker, Gerrit van der Sar en Ineke Kalteren

P.s. Naast de culturele evenementen zijn er workshops en andere activiteiten in het doarpsatelier van Yn ’e Mande. Voor meer informatie over activiteiten in het seizoen 2015/2015 kijk ophttp://www.tytsjerk.nl/weekagenda/doarpsatelier-yn-e-mande/doarpsatelier/).Welkom!

Laat een bericht achter.

Naam *: Mail *: word niet geplaatst Website
Reactie*: