NOFLIKE MANDEMIDDEI

Door beheerder
  • Locatie :

    DORPSHUIS YN E MANDE
  • Tijd :

    16 FEBRUARI AANVANG 1500UUR
  • Prijs :

    € 10,00

“Noflike Yn ‘e Mandemiddei” Snein 16 febrewaris 2014 om 15:00 oere

Hjirby noegje wy jimme út foar wer in moai oanklaaide en noflike ‘Yn ‘e Mandemiddei’Dizze kear giet it oer froulju en wat se sa al dogge…. sjoddelje roddelje broddelje sjuddelje nuddelje doedelje feredelje ferdidelje  keapje en ferhannelje. It is ek tige nijsgjirrich foar mânlju.

Sterke Froulju (teaterfroulju ùt Tytsjerk en Ryptsjerk)  mei: ‘’Dus…hy sûpte’

In tragikomyske ienakter fan Anja Steegstra

Fenna en Hermien ha inoar by tafal troffen by in fakânsje yn Grikelân. Se ha inoar rom 25 jier net sjoen. Der wurdt in reuny op tou setten yn it stamkafee fan harren berteplak.Wêr begjinne je nei fiifentweintich jier? Pakke se de tried sa wer op of binne se te fier ùtinoar groeid? En wie de freonskip wol sa hecht? En dy iene grap of weddenskip…hoe rûn dat ôf, wat wie dêr mei? It wie mar in grapke, dus…Hilarysk, absurd, konfrontearjend en sjokkearjend; mar ek tagonklik, boartlik en minsklik. Mei oare wurden tige werkenber teater. Sjoch ek op:  www.sterkefroulju.nl

Tuskentroch geane we mei elkoar sjoddeljen, roddeljen, broddeljen, sjuddeljen, nuddeljen, doedeljen, feredeljen, ferdideljen, ferkeapjen en ferhanneljen yn de nije winkelstrjitte fan Tytsjerk

 Fammuze sjongt  dan oer allegearre frouljus-babbelegûchjes en (skyt)merakels

It is mear as allinnich in frouljuskoar. It is in aardichheid om nei dizze froulju te sjen. Eigenwiis, entûsjast en oansteklik meitsje se in soarte fan teatrale-muzikale foarstelling.Mar tink der om, want mei stikeltrie en froulju moat men tige oppasse. Se meitsje nijsgjirrich mei harren pop, blues en ballads. Webside: www.fammuze.nl

Se sjonge oer langstme, leafde en fertriet, oer drama en hertstocht, oer stilte en it libben. Dat yn ferskate talen. Se sjonge de ‘stjerren fan de himel                                             

Plak    :          Doarpshûs/pleats Yn’e Mande, Noarderein 1, Tytsjerk

Begjin:          15:00 oere oant ûngefear 18:30 oere

Kosten:         € 10,00

Opjaan:         mail of belje nei inekal@chello.nl / telefoan: 0511-431897

Freonlike groetnis fan de kulturele kommisje ut Tytsjerk

Anneke Bakker

Siep Jorna

Ineke Kalteren

Gerrit van der Sar

 

Laat een bericht achter.

Naam *: Mail *: word niet geplaatst Website
Reactie*: